Windows 10 wurdt net mear ûndersteund. Wat no?
Sûnt oktober 2025 is Microsoft stoppe mei de ûndersteuning fan Windows 10. Dit betsjuttet dat der net langer feilichheidsupdates mear ûtbrocht wurde foar Windows 10. Is it no noch wol feilich om Windows 10 brûken te blieuwen? En wat binne de alternatieven?
Windows 10
Windows 10 wie ien fan de beste ferzjes fan Windows (tegearre mei Windows 7). Windows 10 brûken blieuwe kin, mar is wol in risiko foar de feilichheid. Omt der gjin nije updates mear komme, wurdt Windows 10 allinnich mar gefoeliger foar ûnder oare firussen en malware. Foar no giet it noch wol, sa lang der in goede antivirus befeiliging ynstalleare is (Windows Defender, wat mei Windows 10 meilevere wurdt, krijt ek gjin updates mear en is dus ek net mear goed genôch). Foar licht privégebrûk is dit noch wol efkes in opsje, mar foar yntensyf as sakelik gebrûk, is dit gjin oanrieder.
Windows 11
It alternatyf wat Microsoft biedt, is Windows 11. Mar Windows 11 komt mei eigen problemen en risiko's. Sa jouwe de grutte updates fan Windows (ûngefear twa kear per jier) faaks problemen. Dêrneist sit yn Windows 11 in djippe yntegraasje fan AI (Copilot) dat meisjocht mei alles watsto dochst. Lokale akkounts, sa as die foarhinne yn alle ferzjes fan Windows bestien hawwe, kinne net mear brûkt wurde. Ynlogge kin allinnich noch mei in Microsoft akkount en alles wurdt standaard syngronisearre me de cloud fan Microsoft (OneDrive).
Wa de lytse letterkes fan de lisinsje-oerienkomst lêst (wat de measten net dogge), sil sjen dat Microsoft alles wat yn OneDrive opslein is, brûke kin foar it trainen fan AI. Dit yn kombinaasje met alle gegevens oer it deistich brûken fan de kompjûter die streekrjocht nei servers fan Microsoft stjoerd wurde, is it dûdlik dat sich hjir in grut privacyrisiko sit.
Neist it aspekt fan privacy, biede ek de easken oan hardware fan Windows 11 faak swierrichheden. Nijere kompjûters foldogge faaks wol oan dizze easken, mar in protte âldere kompjûters net, wyls se faaks noch goed wurkje. Microsoft wol dus dat hja jo noch goed wurkjende kompjûter ferfange.
Alternatyf 1: Apple Mac
Apple is al jierren in wichtige spiler yn it profesjonele segmint fan 'e merk. Sûnt de oergong nei Apple Silicon processoren, binne de prestaasjes sterk ferbettere en biedt Apple ek yn de konsumintenmerk prima opsjes. Neidiel is dat de prizen faaks heger binne dan fan oare kompjûters, maar Macs geane faaks wol folle langer mei dan fergelikbere kompjûters mei Windows.
Wat betreft privacy docht Apple it ek in stik better dan Windows. Hast alle gegevens die Apple sammelt, wurde allinnich anonym ferstjoerd as de brûker der mei ynstemt.
Oerstappe nei in Mac is dus in opsje, mar lost it probleem fan die goed funksjonearjende kompjûter net op.
Alternatyf 2: Linux
Linux is in systeem dat al sûnt it begjin fan de jierren 70 fan de foariche ieu bestiet (langer dan Windows en syn foargonger MS DOS). Linux waard (en wurdt) yn it bysûnder folle brûkt foar servers, mar de lêste desennia is Linux ek yn opkomst as desktopomjouwing foar alledaags brûken.
Linux is "open source", wat betsjuttet dat eltsenien de koade fan Linux ynsjen en kontrolearje kin. Privacy stiet foarop en der wurde gjin gegevens sammele en ferstjoert sûnder dat de brûker dûr eksplisyt mei ynstimt. Linux wurket met bekende cloudproviders (OneDrive, Google Drive en oaren), mat dit is gjin needsaak. As dat de foarkar hat, kin alles gewoan, lokaal op de eigen kompjûter bewarre blieuwe.
Linux biedt ûndersteuning foar has alle hardware. It measte wurket gewoan. Foar âldere as spesjalisearre hardware kin it wêze dat der ekstra stjoerprogramma's nedich binne. Dêrneist is Linux, troch de manier wêrop it systeem bout is, ek net gefoelich foar firussen en malware, wêrtroch ekstra antifirus programma's meastentiids net nedich binne.
Mear witte?
Hawwe jo noch in kompjûter mei Windows 10 en twifelje jo noch oer wat jo hiermei wolle? Dan binne jo net allinnich! Fia it ûndersteande formulier kinne jo kenber meitsje dat jo graach ektra ynformaasje ha wolle. By genôch ynteresse organiseare wy ien as meardere ynformaasjegearkomsten, wêr we wat djipper yngeande op de risiko's fan it brûken blieuwen Windows 10 en de alternativen.
Mei it ynfoljen fan dit formulier jouwe jo allinnich oan dat jo ynteresse hawwe. It is gjin ferplichting om dan ek by in ynformaasjegearkomste te kommen. Jo gegevens wurde allinnich brûkt om jo op de hichte te bringen fan wêr en wannear der in gearkomste organisearre wurdt.